Gospel berjocht
– Lês asjebleaft it folgjende:
Gen 1:1 | Yn it begjin hat God de himel en de ierde skepen. |
Romeinen 3:23 | Allegearre hawwe se ommers sûndige en dêrom moatte se de hearlikheid dy’t God jout, misse |
Johannes 8:34 | Jezus antwurde harren: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: elk dy’t it kwea docht, is in slaaf fan it kwea. |
God hat ús makke, mar wy kinne Him net en binne fan Him ofskieden fanwege ús sûndige natoer. Us libbens sûnder God hawwe gjin betsjutting en gjin doel. De konsekwinsje (te beteljen priis) foar ús sûnde is de dea, spiritueel lykas fysyk. Spirituele dea betsjuttet ofskieding fan God. Fysyke dea is it ferfal fan ‘e lea. As we yn ús sûnde stjerre, sille wy foar ivich ofskiden wêze fan God en yn ‘e hel einigje. Hoe kinne wy ússels fan ús sûnden rêde en weromkomme by God? Wy kinne ússels net rêde, it is net mooglik foar in sûnder om himsels te rêden (lykas ien dy’t ferdrinkt himsels net kin rêde). Oaren kinne ús ek net rêde, om’t wy allegearre sûnders binne (ien dy’t ferdrinkt kin gjin oar dy’t ferdrinkt rêde; beide binne hulp nedich). Wy binne ien nedich dy’t sûnder sûnde is (net ferdrinkt) om ús te rêden fan ús sûnden. Allinnich in persoan sûnder sûnde kin ús rêde. Hoe kinne wy in persoan sûnder sûnden fine wrâld wêr’t elkenien hat sûndige?
Romeinen 6:23 | Want de soldij dy’t de sûnde jout, is de dea, mar wat God ús yn syn genede skinkt, is it ivige libben yn mienskip mei Kristus Jezus ús Hear. |
Johannes 3:16 | want sa wiis wie God mei de wrâld, dat Er syn Ienlingssoan jûn hat, dat elk dy’t yn Him leaut, net omkomme, mar ivich libben hawwe soe. |
Mattéus 1:23 | “Sjoch, de jongfaam sil in bern ferwachtsje en in soan krije en se sille Him Emmanuël neame”, wat yn eigen taal betsjut: “God mei ús.” |
Johannes 8:23 | Hy sei tsjin harren: “Jimme hearre hjirûnder thús en Ik dêrboppe; jimme binne fan dizze wrâld; Ik bin net fan dizze wrâld. |
Markus 1:11 | Doe klonk it út ’e himel wei: Do, Do bist myn Soan, myn ynleave Jonge, Ik bin sa wiis mei Dy! |
Johannes 8:36 | Net earder as dat de Soan jimme frij makket, sille jimme wier frij wêze. |
Johannes 3:3 | Jezus joech him ta antwurd: Wiswier, wiswier, Ik sis jo, in minske moat opnij berne wurde, oars kin er it ryk fan God net sjen. |
Johannes 1:12 | Mar dy’t Him al by har ynnommen hawwe, harren hat Er macht jûn om bern fan God te wurden, te witten dy’t yn Him leauwe: |
God, Dy’t ús hat make en in soad fan ús hâldt, hat ús de oplossing jûn. Fanwegen Syn enoarme leafde foar ús hat Er syn eigen soan, Jezus, nei de ierde stjoerd om te stjerren foar ús sûnden. Jezus is sûnder sûnden, omdat Er net fan ‘e wrald is, en, doe’t Hy op de ierde wie, hat Er de ferlieding fan ‘e duvel wjerstean om te sûndigjen. Syn libben hage God yn ‘e himel. Jezus nom ús sûnden en stoar oan it krús foar ús sûnden. Hy is de rêder fan ús libbens (Jezus kin rêde, want Hy ferdronk net). It doel fan it stjerren fan Jezus oan it krús is de priis te beteljen fan ús sûnden en, dêrom, ús sûnden fan ús te ferwiderjen en ús brutsen relaasje mei God op te betterjen. Wy wurde libbend út spirituele dea (ofskieding fan God) troch de krêft fan God. Dizze nije relaasje wurd werberte neamd. Dit bettert ús op foar it doel fan kreaasje en bestean en jouwt ús echte betsjutting en doel foar it libben
Johannes 11:25 | Jezus sei tsjin har: Ik bin de opstanning en it libben; dy’t yn My leaut, sil libje, ek al is er stoarn. |
Romeinen 6:9 | Want wy witte dat Kristus mei’t Er út ’e deaden opwekke is, noait mear komt te ferstjerren: de dea hat gjin macht mear oer Him. |
Hannelingen 2:24 | Mar God hat Him opwekke en fan ’e weeën fan ’e dea ferlost; it koe ommers net bestean dat dy dea Him fêsthâlde. |
Romeinen 14:9 | Want dêrta is Kristus stoarn en wer libben wurden, om Hear te wêzen oer libbenen en deaden. |
Hannelingen 1:11 | dy seinen: Jimme Galileeërs, wêrom stean jimme dêr sa nei de himel te sjen? Dy Jezus, dy’t no by jimme wei nei de himel opnommen is, sil op ’e selde wize weromkomme as jimme Him nei de himel tagean sjoen hawwe. |
Wat is it bewiis dat de krusiging fan Jezus om te stjerren foar ús sûnden troch God yn’e himmel is akseptearre? It bewiis fan God is de opstanning fan Jezus út ‘e dea. Troch de opstanning waard bewezen dat Jezus de dea hat oerwûn (of, mei oare wurden, de dea hie gjin macht oer Him). Dêrom, om’t Jezus libbet, kinne wy ek libje. Syn libben yn ús jouwt ús libben. Ek, om’t Hy is opstean, libbet Er hjoed.
Johannes 5:24 | Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, dy’t myn wurd heart en leaut yn Him dy’t My stjoerd hat, hat ivich libben; hy hoecht net oardiele te wurden; nee, hy is al oergien fan ’e dea nei it libben. |
Johannes 10:9 | Ik bin de doar; as ien troch My yngiet, sil er behâlden wurde en hy sil yngean en útgean en weide fine. |
Johannes 14:6 | Jezus antwurde: Ik bin de wei, de wierheid en it libben; net ien komt by myn Heit as troch My. |
Johannes 8:24 | Sa’t Ik jimme al sei, jimme sille yn jimme sûnden stjerre; want as jimme net leauwe, dat Ik it bin, sille jimme yn jimme sûnden stjerre. |
Hannelingen 4:12 | En by gjinien oars is der behâld; want der is gjin oare namme op ’e hiele wrâld oan ’e minsken jûn dêr’t wy ús behâld by fine kinne. |
Romeinen 10:13 | Want: elk dy’t de namme fan de Hear oanropt, sil behâlden wurde. |
Romeinen 10:11 | Want de Skrift seit: Elk dy’t yn Him leaut, sil net beskamme weikomme. |
Romeinen 2:11 | Want God lûkt net ien foar. |
Romeinen 3:22 | Hoe’t God frijsprekt troch it leauwen yn Jezus Kristus, allegearre dy’t leauwe. Want der is gjin ûnderskie. |
Romeinen 10:9 | Want asto mei de mûle beliidst: Jezus is de Hear, en mei it herte leaust dat God Him út ’e deaden opwekke hat, dan silsto behâlden wurde. |
Hoe kinne ús sûnden wurde ferwidere en dit nije libben krije? Troch te leauwen yn Jezus as ús Hear en Rêder. As wy ta ynkear komme oer ús sûndige manieren en Jezus oproppe om ús te ferjaan en te rêden, sil Hy dat dwaan. Jezus is de Soan fan God, Dy’t nei de wrald kaam om foar ús sûnden te stjerren. Elkenien op’e ierde dy’t Him fertrouwt sil ferjeffenis fan God krije, rêden wurden fan har sûnden (en ‘e hel) en krije wy nij libben fan God. God makket gjin ûnderskie. Hy makket gjin fersjil tusken – it lân wêr’t wy wenje, de taal dy’t wy sprekke, riik as earm, man as frou, jong as ald, of oare fysike ferskillen. Elkenien dy’t Jezus leauwt en bekent sil rêden wurde. It folgjende is in gebed dat jo kinne bidde as jo beslute Jezus te folgjen:
God yn’e himmel, tankewol dat Jo Jo inniche Soan, Jezus, nei de ierde stjoerd hawwe om te stjerren foar myn sûnden, sadat ik kin wurde rêden en nij libben út’e himmel kin krije. Ik betsjûgje spyt oer myn manieren en freegje ferjeffenis foar myn sûnden. Ik leau yn Jezus en ûntfang Jezus as myn Hear en Rêder. Help my en liedt my nei it libjen fan in libben dat Jo haget yn dit nije libben dat Jo my jouwe. Amen
As jo it boppesteande gebed dien hawwe, freegje God dan om jo in tsjerke te toane wêr’t jo hinne kinne gean. Sprek regelmjittich mei God fia in gebed en God sil mei jo sprekke. Harkje nei de stim fan God. God sil jo liede. Hy hâldt fan jo en sil foar jo soargje. Jo kinne Him fertrouwe. Hy stellet guon dy’t yn Him fertrouwe noait teloar. God is in goeie God. Hy kin wurde fertroud. Jo kinne op Him fertrouwe foar jo libben. Bring jo ferlet foar Him. Hy soarget foar jo en sil jo seinje. God sei, “Ik sil jo noait ferlitte of yn’e steak litte.” Fertou yn God. Wurd seinige troch Jezus.
Lês de bible regelmjittich, en begjin mei it boek fan Johannes. Foar mear ynternetboarnen kinne jo hjir klikke.